FSU: klachten oer skuldhelp

02 mrt 2009 - 09:41

It FSU, it Fries Samenwerkingsverband Uitkeringsgerechtigden, hâldt in meldwike oer ûnderfiningen mei de skuldhelpferliening yn Fryslân. Op de sprekoeren krijt it FSU sinjalen dat der geregeld saken misgeane by dy skuldhelpferliening. Dêrom hopet it FSU dizze wike fan minsken te hearren wat no krekt de problemen binne.

Klachten geane ûnder oare oer de hege tariven dy't guon skuldhelpferlieners yn rekken bringe en oer de minne berikberens fan guon fan harren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)