Fryslânpromoasje op WK fuotbal

30 maaie 2006 - 15:26

Fryslân sil himsels by it WK fuotbal yn alle Dútske stêden dêr't it Nederlânsk Alvetal spilet, toeristysk promoatsje. Dat seit Paul van Gessel fan it buro Fryslân Marketing. Sa sil besocht wurde it tal Dútske toeristen wer wat op te krikken. Benammen yn de Fryske wettersportgebieten litte sy it de lêste jierren ôfwitte.

Fryslân sil ek mei in stand yn it Holland House stean. Boppedat wurdt de parse útnoege foar in reiske Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)