Fryslân yn top trije grutste delgong WW-útkearings

16 jul 2015 - 13:02

Opnij binne der minder Friezen dy't in WW-útkearing krije. It tal minsken mei in útkearing leit yn juny goed 3% leger as yn maaie fan dit jier. Fryslân heart by de top trije fan regio's mei de grutste delgong yn WW-útkearings. Dat makket útkearingsorganisaasje UWV bekend.

Kanttekening by de sifers is dat de delgong fan it tal minsken mei WW net sa grut is as yn de foargeande moannen. Ien fan de redenen dêrfoar is de taname fan it tal WW-útkearings yn it ûnderwiis. Oan de ein fan it skoaljier rinne in soad tydlike kontrakten ôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)