Fryslân wurdt ien grut taallab

12 nov 2013 - 23:12
  • Jensma presintearre syn plannen foar it taallab by Tresoar

De Friezen moatte wer mear niget krije oan it Frysk. Dat seit Goffe Jensma, professor Frysk oan de Ryksuniversiteit fan Grins. Jensma wol yn 2018 fan Fryslân ien grut 'taallaboratoarium' meitsje, wêrby't gewoane minsken mei moderne helpmiddels gegevens sammelje oer taalgedrach. Meidwaan oan it ûndersyk soe der ta liede moatte dat minsken ek wer mear aardichheid oan it Frysk krije.

Jensma presintearre syn plannen tiisdei by Tresoar. Wat Jensma oanbelanget docht de helte fan alle Friezen - sa'n 300.000 minsken - yn 2018 oan it ûndersyk mei.

Jensma wol it ûndersyk útfiere yn it ramt fan de Kulturele Haadstêd. It ûndersyk hat in Europeeske diminsje, want der is no al bûtenlânske belangstelling foar. Jensma sjocht dan ek no al eksportkânsen foar it taallaboratoarium. De diskusjejûn mei Jensma luts tiisdei sa'n 70 minsken nei Tresoar. De jûn wie organisearre troch 'Fierder mei Frysk', in nije organisaasje fan de âld-steateleden Willem Verf en Frâns Kuipers. Fierder mei Frysk wie tige optein oer de hege opkomst op de jûn. Dy opkomst bestie benammen út skriuwers, studinten, âld-politisy, Fryske bewegers en âld-amtners.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)