Fryslân wol Nuon-oandielen kwyt

13 okt 2004 - 15:04

De provinsje Fryslân wol sa gau mooglik de oandielen fan enerzjybedriuw Nuon kwyt. Op dit stuit wurde al petearen fierd mei finansjele oerheids- ynstellings en binnen- en bûtenlânske banken om te sjen hokker trajekt foar de ferkeap folge wurde moat.

Fryslân hat in belang fan 12,9 prosint yn it enerzjybedriuw. De wearde fan dy oandielen wurdt rûsd op 550 miljoen euro. Minister Brinkhorst giet akkoart mei de ferkeap fan de Fryske oandielen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)