Fryslân wint krekt fan Hollân

06 jul 2013 - 18:18
  • Oane Galama
  • De Fryske ploech

De fierljeppers fan Fryslân ha de twakamp tsjin Hollân mei in ferskil fan 2 meter en 33 sentimeter wûn. Op It Heidenskip wiene de froulju en de junioaren fan Hollân better as har Fryske konkurrinten. By de jonges en benammen by de senioaren wie Fryslân de baas. De fierste ôfstân fan de dei waard delsetten troch Oane Galama: 20.58. Bart Helmholt waard twadde mei 20.52 en Thewis Hobma tredde mei 19.79. By de junioaren kaam de top trije út Hollân, mei Erwin Timmerarends as bêste: 18.86.

De winners by de froulju en jonges kamen ek út Hollân. Dymphie van Rooijen ljepte mei 16.50 in skânsrekôr, Ricardo Faaij kaam nei 18.26 yn it sânbêd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)