Fryslân: soad anty-depressiva

01 okt 2010 - 11:48

Yn Fryslân wurdt folle mear anty-depressiva brûkt as yn de rest fan Nederlân. Dat docht bliken út ûndersyk fan Het College van Zorgverzekeringen.

Oft Friezen ek echt depressiver binne as oare Nederlanners is net ûndersocht. It is ek mooglik dat dokters it hjir gauwer foarskriuwe. It tal Friezen dat golesterolmiddels brûkt is krekt wer leger as yn de rest fan it lân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)