Fryslân sjit mei karbid

31 des 2013 - 13:04
  • Karbidsjitte yn Damwâld
  • Karbidsjitte

Rûnom yn de provinsje wurdt der wer karbidsketten. Op in soad plakken binne grutte groepen bymekoar om de fan oarsprong Germaanske tradysje yn eare te hâlden, somtiden mei tsientallen molkbussen tagelyk. It karbidsjitten mei allinne op âldjiersdei en yn 'e âldjiersnacht.

Ek yn Dantumadiel wurdt omraak sketten, dat begûn al yn 'e nacht. De gemeente hat fyftjin lokaasjes oanwiisd dêr't dat mei. Sa wurdt der yn Damwâld sketten mei mear as 30 bussen, alwer foar it fyftjinde jier op rige. Sjonger Emiel fan De Hûnekop die dêr de earste knal.

In pear ynwenners fan Drinte binne in aksje begûn om it karbidsjitten op de wrâlderfguodlist te krijen om sa de tradysje yn stân te hâlden. Der is ûnder oaren in spesjale Facebookside oanmakke. De karbidsjitters yn Damwâld stypje de aksje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)