Fryslân siket kontakt Sichuan

13 maaie 2008 - 12:10

It buro Frisian China Consultancy besiket kontakt te lizzen mei saaklike kontakten yn Sichuan, yn Sina.

Dy provinsje is troffen troch in swiere ierdbeving. Dêrby binne op syn minst 12-tûzen minsken om it libben kommen. Sichuan is in susterprovinsje fan Fryslân. De provinsje ûnderhâldt benammen diplomatike kontakten dêr, Frisian China Consultancy hâldt him dwaande mei de saaklike kontakten dy't dat opsmyt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)