'Fryslân rint gjin EU-jild mis'

06 okt 2006 - 11:18

It provinsjebestjoer is foarearst net benaud dat it yn de takomst jild misrinne sil út it Europeesk fûns foar regionale ûntwikkeling. De Europeeske Kommisje driget dêrmei omdat Nederlân saken, wêrûnder de boekhâlding en de útjefte-kontrôle, net op oarder ha soe.

Ynspekteurs ha dat de ôfrûne moannen konstatearre nei in kontrôle yn fjouwer gebieten yn Nederlân, wêrûnder it Noarden. Neffens deputearre Bijman is yn Fryslân alles wol yn oarder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)