Fryslân protestearret mei Grinslanner flagge

11 feb 2015 - 19:26
  • Fryslân protestearret mei Grinslanner flagge
  • Fryslân protestearret mei Grinslanner flagge

Op it provinsjehûs yn Ljouwert wapperet tongersdei de Grinzer flagge. Fryslân ferklearret him sa solidêr mei Grinslân yn dy syn striid tsjin de skea troch gaswinning. Oanlieding foar de aksje is it debat dat tongersdei yn de Twadde Keamer hâlden wurdt, oer maatregels om dy skea tsjin te gean.

Mei it útstekken fan de flagge wol de provinsje ek dúdlik meitsje dat yn Fryslân gjin nije gaswinning dien wurde mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)