Fryslân populêr by Iraki's

21 okt 2000 - 18:54

Fryslân wurdt hieltyd mear thúslân foar asylsikers út Irak. Op dit stuit wenje al mear allochtoanen út Irak yn Fryslân as bygelyks út de Nederlânske Antillen.

De provinsje Fryslân wol sa gau mooglik in ûndersyk nei opfang en yntegraasje fan de Irakese flechtelingen. Sa kin de provinsje oanpassingsproblemen fan de Irakesen foarkomme. It ûndersyk wurdt útfierd troch de Fryske Akademy.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)