Fryslân-plein mei 17 bedriuwen en organisaasjes op 'Boot'

13 jan 2016 - 16:06
  • Boot Düsseldorf 2015

Fryslân is oer oardel wike mei santjin ûndernimmers en organisaasjes fertsjintwurdige op Boot Düsseldorf, de grutste wettersportbeurs fan de wrâld. Op inisjatyf fan Merk Fryslân wurdt in spesjaal Fryslânplein oanlein. Dêr litte ferskate jachtbouwers en boateferhierders har nijste oanwinsten sjen.

Ek wurde nije produkten yntrodusearre, lykas in fergeze annulearringsfersekering tsjin min waar. Merk Fryslân sels set no al yn op 2018, as Ljouwert-Fryslân, tegearre mei Malta, kulturele haadstêd fan Europa is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)