Fryslân op 50PlusBeurs

16 sep 2009 - 08:14
  • Fryslân wol mear senioaren lûke

Fryslân hopet mei in stand op de 50PlusBeurs yn Utrecht mear senioaren nei de provinsje te heljen. De beurs wurdt dizze wike hâlden yn Utrecht. Op de beurs krijt benammen it Waadgebiet in soad omtinken. Om dat gebiet te promoaten, is op de beurs in fjoertoer boud. Fierder trede der Fryske artysten op, binne der demonstraasjes fan Fryske ambachten en kinne Fryske produkten preaun wurde.

De 50PlusBeurs yn Utrecht is de grutste senioarebeurs op 'e wrâld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)