Fryslân nimt Fryske marren oer

22 apr 2009 - 10:09

De provinsje Fryslân nimt de Fryske Marren oer fan it Ryk. Op De_Leijen by Drachten nei binne alle Fryske Marren fan ´e rykstsjinst Domeinen. Dizze âlde winsk fan Fryslân wurdt no honorearre, sa makke deputearre Sjoerd Galema woansdeitemoarn bekend.

It giet mei-inoar om 9300 hektare wetter mei ûnder mear de Fluezen, de Snitsermar en it Tsjûkemar. De provinsjes ûnderhâlde de marren no ek al op eigen kosten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)