Fryslân net by miljeukontrôle

13 maaie 2004 - 00:00

Fryslân docht net mei oan 'e grutte miljeukontrôle dy't tongersdei yn hiel Nederlân hâlden wurdt. Ferskate ynstânsjes dogge mei oan 'e aksje, lykas gemeenten, wetterskippen, plysje en provinsje. De Fryske ynstânsjes koene it net mei-inoar iens wurde. Sa hie it Wetterskip Fryslân it te drok mei de fúzje dy't yn jannewaris yngie.

De grutte miljeukontrôle foar Fryslân is no ferskood nei novimber. De eksakte dei wurdt geheim hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)