Fryslân net klear foar 65-plus

15 des 2004 - 16:42

Fryske rekreaasje-ûndernimmers binne noch lang net klear foar it grutte tal 65-plussers dat der nei 2010 bykomt. Der is sels noch nea ûndersocht hoe tagonklik kempings, bungalows en oare foarsjennings binne foar âlderen of minsken mei in fysyke handikep.

Stichting Partoer sil no sa'n ûndersyk dwaan. Earst foar it Lauwersmargebiet, letter wierskynlik foar hiel Fryslân. Dêrnei soene foarsjennings eventueel oanpast wurde moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)