Fryslân negatyf oer kabinet

23 apr 2012 - 20:08

Fryslân is folle negativer oer wat it kabinet Rutte berikt hat as oare Nederlanners. Dat docht bliken út de enkête dy't it programma Een Vandaag yn 'e mande mei de regionale omroppen moandei hâlden hat.

Fierders falt op dat de Friezen Diederik Samsom as listlûker fan de PvdA wol sitten sjogge as kandidaat-premier. Samsom stiet yn Fryslân op trije, nei Rutte (VVD) en Roemer (SP). PVV-lieder Wilders komt yn de Fryske enkête net yn de top-5 foar. In protte fan de ûnderfrege Friezen kinne har wol fine yn besunigings op ûntwikkelingshelp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)