'Fryslân moat yn toeriste-Top 5'

22 mrt 2006 - 23:53

Ien op de tsien fakânsjes yn Nederlân moat yn 2010 yn Fryslân boekt wurde. De provinsje wol yn 'e top fiif fan de toeristyske gebieten komme. Dat stiet yn in provinsjale nota foar Rekreaasje en Toerisme.

Fryslân moat ynsette op doelgroepen as Aziaten en âlderein. De provinsje hat de ûntwikkeling fan toerisme en rekreaasje eveluearje litten. It docht bliken dat de sektoaren yn 2004 in hiele grutte dip hân hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)