'Fryslân moat mear huzen bouwe'

29 jan 2004 - 00:00

Yn Fryslân moatte twa kear sa folle wenten boud wurde. Dat wol de belange- organisaasje fan ûndernimmers yn de bou, Bouwned. Oars bliuwt it ferlet fan wenten folle grutter as it oanbod.

De organisaasje sei dat tongersdei op it Noardlik Boukongres yn de stêd Grins. It bouwen fan mear wenten soe ek goed wêze foar de ekonomy. Op it kongres hie Bouwned krityk op de hege leges foar boufergunnings. Dy binne folle mear omheech gien as de kosten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)