"Fryslân moat Lovebrand wurde"

02 okt 2014 - 19:20
  • De love letters yn Ljouwert

Fryslân moat in Lovebrand wurde, in merk om fan te hâlden. De nije marketingorganisaasje Stichting Merk Fryslân wol de provinsje profilearje as saneamd Lovebrand. Direkteur Loek Hogenhout sil de kommende jierren ynsette op it gefoel dat minsken krije by Fryslân.

Dêrby giet it net om de dingen dy't minsken sjen en dwaan kinne, mar om it gefoel dat de provinsje by harren opropt. Yn dit ramt is earder al útein set mei de saneamde 'love letters', de grutte letters mei it pompeblêd en de namme Fryslân, dy't troch de hiele provinsje reizgje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)