Fryslân mist saaklike toerist

30 aug 2012 - 20:36
  • Provinsjehûs yn Ljouwert

Fryslân rjochtet him te min op de saaklike toerist. En dêrmei rinne de toerismebedriuwen miljoenen mis. Dat seit Jant van Dijk fan Congresbureau Friesland. Neffens har jouwe sakeminsken dy't nei in kongres komme folle mear jild út as bygelyks wettersporters.

Op it stuit binne der fjirtich saneamde meetingplanners út hiel Nederlân en België te gast by it kongresburo om harren oer te heljen kongressen en eveneminten te organisearjen yn ús provinsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)