'Fryslân mei Noard-Hollân'

12 feb 2011 - 12:52

Fryslân moat weryndield wurde mei parten fan Flevolân en Noard-Hollân ta ien grutte provinsje. Dêrfoar pleitet heechlearaar steatsrjocht Douwe Jan Elzinga. Neffens him is it dúdlik dat it lânsdiel Noard mei Fryslân, Grinslân en Drinte op neat útrint.

Fryslân moat neitinke oer de takomst. Yn de Rânestêd binne ek plannen foar provinsjale weryndieling. Elzinga sjocht grutte oerienkomsten tusken Fryslân en it plattelân fan Noard-Hollân en Flevolân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)