Fryslân mei MKZ-jilden útkeare

16 des 2005 - 10:43

De Provinsje Fryslân mei nei jierren lang spul hân te hawwen mei de Europeeske Kommisje noch sa'n 3,5 miljoen euro útkeare oan boeren dy't yn 2001 te krijen hân ha mei de tongblierkrisis.

It giet hjir om jild foar boeren út Eanjum en Ie dy't net romme binne, mar wol yn it besmette gebied wenje. Der is yn totaal 6 miljoen euro beskikber steld. De rest fan it jild kin no dus ek útkeard wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)