Fryslân lûkt mear Dútsers

15 aug 2006 - 22:02

Mear Dútse toeristen as earder gean op fakânsje yn Fryslân. Yn it foarseizoen wiene twa kear safolle Dútsers te gast as yn foargeande jierren. It toeristysk seizoen yn 'e provinsje is no al slagge, ek al reint it de lêste wiken omraak. Dat seit Van Gessel fan toerismeburo Fryslân Marketing.

Fryske rekreaasjeûndernimmers hawwe goeie saken dien, ek omdat mear Nederlanners as ea fakânsje fiere yn eigen lân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)