Fryslân krijt twa ton foar wurkgelegenheidsprojekt jeugd

30 jun 2015 - 20:06

De gemeente Ljouwert hat 200.000 euro krigen fan it Ministearje fan Sosjale Saken en Wurkgelegenheid om de Fryske jongerein oan it wurk te helpen. Yn totaal 80 jongeren oant 27 jier, dy't no in útkearing hawwe of yn de bystân sitte, komme yn de beneaming foar in wurkplak.

Ek jeugd mei in baan dy't noch in diploma helje wolle komme yn oanmerking foar it projekt 'Samen naar een werkende toekomst in Fryslân 2015-2016'. It projekt rjochtet him op bedriuwen yn de agro nutrisektor, lykas FrieslandCampina of Royal Steensma.

Neffens wethâlder Harry van der Molen fan Ljouwert is it projekt slagge as 60 fan de 80 jongeren úteinlik oan it wurk of oan de stúdzje binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)