Fryslân krijt nij houten skûtsje

07 jan 2004 - 00:00

Fryslân krijt wer in orizjineel houten skûtsje. It skip wurdt boud op it terrein fan it Skûtsjemuseum yn Earnewâld. De kosten komme mei-elkoar op goed 436.000 euro. De provinsje betellet der in tredde part fan.

It skûtsje krijt de namme Aebelina en moat yn 2008 klear wêze. It sil benammen brûkt wurde foar demonstraasjes en rûnfearten oer de Alde Feanen. De lêste houten skûtsjes waarden boud tusken 1910 en 1915.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)