Fryslân krijt mear asylsikers

02 jul 2009 - 13:34
  • It azc yn Burgum wurdt útwreide, op oare plakken komme der azc's by

Der komme wer nije asylsikerssintra yn Fryslân. Dat befestiget in wurdfierder fan it COA, it sintraal orgaan foar de opfang fan flechtelingen. Trochdat wer mear flechtlingen har melde yn ús lân, wurdt de kapasiteit fan it azc yn Burgum útwreide. It tal bewenners giet fan 400 nei 450. Neffens de wurdfierder fan it COA sille der boppedat mear sintra bykomme moatte.

Wêr't dy krekt komme wol se noch net sizze. It giet dan om tydlike sintra en om sintra mei in duorsum karakter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)