Fryslân krijt madrigaalkoar

06 okt 2009 - 11:25

De Fryske komponisten Pieter Bakker en Dirk Dekker rjochtsje in saneamd madrigaalkoar op dat derfoar soargje moat dat harren wurk geregeld útfierd wurdt. It koar moat net allinnich moderne klassike stikken bringe, mar ek âldere muzyk.

Sûnt it ferdwinen fan it Frysk Orkest en de sluting fan it konservatoarium yn Ljouwert is der yn Fryslân krapte oan mooglikheden klassike muzyk hearre te litten, sa sinjalearje de komponisten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)