Fryslân krijt jirpelakademy

23 okt 2009 - 12:21
  • Troch mear kennis ta noch bettere poatjirpels komme, is it doel fan 'e Jirpelakademy

Kennis fan Fryske jirpelboeren op in heger nivo bringen. Dat is it doel fan de Fryske poatjirpelakademy dy't begjin takom jier út ein sette moat. It giet om in inisjatyf fan boeren, LTO Noord, banken en hannelshuzen.

Troch kennis oer goed ûndernimmen en it bouwen fan poatjirpels te dielen kinne boeren in flinke kwaliteitsslach meitsje, sa is de ferwachting. Op 2 novimber is der in startbyienkomst oer de poatjirpelakademy yn Froubuorren. Alle Fryske jirpelboeren binne útnoege.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)