Fryslân krijt ien grutte VVV

19 feb 2010 - 12:10
  • Nei jierren oerlis komt der no ien provinsjale VVV

De provinsje Fryslân en 17 Fryske gemeenten binne it meielkoar iens wurden oer ien grutte VVV-Fryslân. De VVV's sitte al in skoft yn de problemen. Gauris wurde de kantoaren pleage troch jildproblemen en soms sels falliseminten. Dertroch binne kantoaren te faak ticht en is der te min foldermateriaal.

De gemeenten en lokale ûndernimmers betelje mei oan de nije VVV. De provinsje lûkt 2 ton út om de organisaasje op te setten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)