Fryslân krijt Fierljep Akademy foar nij talint

11 apr 2016 - 23:02
  • Spesjale skâns foar de jongerein

It Frysk Ljeppers Boun is wiis mei de oprjochting fan de Fierljep Akademy. Dat die moandeitejûn bliken op de algemiene ledegearkomste yn Westergeast. De Fierljep Akademy is in inisjatyf fan trije topljeppers: Ysbrand en Oane Galama en Hannes Scherjon. De bedoeling is dat de talinten, jonges en famkes oant en mei 16 jier, elkoar stimulearje en behâlden bliuwe foar de ljepperij. Op de gearkomste die ek bliken dat it projekt 'Fryske sport yn dyn klasse' wat it fierljeppen oanbelanget poerbêst oanslacht.

Yn in healjier ha krapoan 2000 basiskoallebern fan sa'n 50 skoallen kennismakke mei it fierljeppen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)