Fryslân kriget wer oaljemole

03 jul 2003 - 00:00

Fryslân kriget sûnt jierren wer in oaljemole. Dy komt te stean by Blauhûs. De lêste oaljemole stie yn Kûfurderrige en is foar de Twadde Wrâldoarloch ferdwûn. De oaljemole yn Blauhûs kostet 1,5 miljoen euro.

De stifting dy't it plan foar de bou betocht hat, hat oan Brussel 900.000 euro frege. Om noch mear jild binnen te krijen, kinne minsken ûnderdielen fan de mole keapje. De mole moat yn 2006 draaie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)