Fryslân kin gryppandemy oan

23 feb 2006 - 09:28

Fryslân is goed tared op in grutskalige grypútbraak. Dat seit de ynspeksje foar de folkssûnens. By in eardere ynspeksje yn novimber ferline jier die bliken dat de provinsje net klear wie foar in gryp-pandemy.

Grutte probleem wie doe it ûntbrekken fan in draaiboek by in mooglike útbraak. Mei de ûndertekening fan gearwurkingsferbân mei sawol de húsdokters, de dokterswacht en de GGD is dat probleem oplost.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)