Fryslân Kiest: trije debatten

17 feb 2014 - 12:33
  • Ferkiezings

Omrop Fryslân, Leeuwarder Courant en Friesch Dagblad organisearje op 4, 11 en 18 maart yn it gebou fan de Ljouwerter Krante in debat mei en tusken gemeentlike politisy. Dat is fan 19.00 oant 20.00 oere. Ien en oar is live op de radio te folgjen en boppedat mei byld op de websites fan de trije organisearjende media.

Der wurdt praat oan de hân fan trije brede haadtema's. Dat binne de kwaliteit fan de riedsleden, it Frysk en de ôfstân tusken gemeente en boarger. De media organisearje de debatten om de kiezer te helpen in kar te meitsjen.

Publyk is fan herte wolkom om de debatten by te wenjen. Oanmelde kin fia ús ferkiezingsside.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)