Fryslân hat soad yn ekonomy ynvestearre

11 mrt 2015 - 10:30

De provinsje Fryslân hat tusken 2011 en 2014 fan alle provinsjes yn ferhâlding it measte ynvestearre yn de ekonomy. Dat docht bliken út in ynventarisaasje fan de ING. Yn de ôfrûne fjouwer jier waard 12,5 prosint fan de begrutting ynset foar it ferbetterjen fan de ekonomy.

Dat is hast 100 euro de Fries yn it jier. Yn de provinsje Utrecht wie dat seis euro de ynwenner yn it jier. Fryslân heart, mei troch de Nuon-reserves, by de rykste provinsjes fan Nederlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)