Fryslân hat leechste ynkommens

05 mrt 2008 - 11:04

Fryslân wie yn 2005 de provinsje mei yn trochsneed de leechste ynkommens fan Nederlân. Dat docht bliken út ûndersyk fan it CBS. Yn de top 10 fan gemeenten mei de leechste ynkommens, steane fjouwer Fryske gemeenten. Dat binne Ferwerderadiel, Dongeradiel, Kollumerlân en Achtkarspelen.

Bloemendaal is lykas de jierren dêrfoar de rykste gemeente fan Nederlân. Utrecht is de rykste provinsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)