Fryslân hat eigen fiskatlas

13 mrt 2015 - 11:55
  • By de presintaasje lieten beropsfiskers sjen wat der yn de Grutte Wielen omswimt

Fryslân hat foar it earst in eigen fiskatlas. Dêryn is werom te finen hokfoar fisksoarten der binne en wêr. Der binne yn sân jier tiid 36 ûnderskate soarten fisk fûn troch in grut tal frijwilligers. De fiskatlas is wichtich foar wetterskip Fryslân. Die hat in soad jild stutsen yn it ferbetterjen fan de wetterkwaliteit en der moatte ek doelen helle wurde as it om de fiskstân giet.

Dy fiskstân is op himsels goed, seit John Melis. Hy is ien fan de twa skriuwers fan it boek. Mar der is ek romte foar ferbettering.

Neffens deistich bestjoerslid Roel de Jong fan wetterskip Fryslân swimt der no yn ferhâlding tefolle blei troch Fryslân en is der te min fisk dy't fan streamend wetter hâldt yn rivieren as de Tsjonger en de Linde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)