Fryslân is grutter wurden

22 apr 2009 - 18:37

De provinsje Fryslân is in lyts stikje grutter wurden. It ferbreedzjen fan it Prinses Margrietkanaal by Strobos bringt mei him mei dat de gemeente Achtkarspelen der in stik wetter by krigen hat.

It giet dan om sawat in hektare, dat oant no ta by it Grinser Gruttegast hearde. De grinskorreksje wurdt mei sletten beurzen betelle. Dat hawwe de beide provinsjes sa ôfsprutsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)