Fryslân fol mei Peaskewykein

23 apr 2011 - 16:26

Fryslân sit grôtfol mei toeristen. Yn bungalows is gjin bêd mear frij. Allinne op guon campings en yn de djoerdere hotels is noch plak. Goed 100.000 toeristen binne dit Peaskewykein yn Fryslân. Benammen op de eilannen en yn de wettersportplakken is it smoardrok.

It liket oft hieltyd mear minsken de fakânsjes yn eigen lân trochbringe. Marketing Fryslân hopet dat dy trend ek yn de simmerfakânsje trochset wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)