"Fryslân is foarbyld yn opfang fan flechtlingen"

05 nov 2015 - 22:35
  • Harns naam earder flechtlingen op yn de Waddenhal, mar in azc komt der net

"Fryslân docht it hiel goed by de opfang en húsfesting fan flechtlingen". Dat seit Marco Florijn, foarsitter fan Opnieuw Thuis. Dat is it platfoarm dêr't ûnder oare de oerheden en it COA yn gearwurkje om it húsfestingsprobleem fan de flechtlingen op te lossen. Florijn fynt dat der yn Fryslân konstruktyf nei it probleem sjoen wurdt mei in iepen blik en reewilligens om oplossings te finen. Foaral yn de Rânestêd is dat oars en is der in soad kâldwetterfrees.

Fryslân is in foarbyld

Florijn wie moandei yn yn Ljouwert by de sânde fan 13 gearkomsten fan Opnieuw Thuis mei fertsjintwurdigers fan gemeenten en provinsje. Hy neamt Fryslân in foarbyld foar parten fan Nederlân dêr't it minder goed rint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)