Fryslân Ferbynt: steatefragen

05 sep 2011 - 15:46

De steatefraksjes fan PVV en VVD stelle it kolleezje fan deputearre steaten fragen oer de problemen by Fryslân Ferbynt. De partijen wolle fan it provinsjaal bestjoer witte wat der krekt te rêden is by Fryslân Ferbynt.

Fryslân Ferbynt gie de ôfrûne simmer net mei op reis nei Brazilië fanwege finansjele problemen. De organisaasje soe yn 2012 in grutte Friezenreüny organisearje. PVV en VVD wolle fan it kolleezje witte oft de problemen ek gefolgen ha foar dy reüny.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)