Fryslân en Waad spearpunten yn striid om toeristen

13 apr 2016 - 14:06

Fryslân as gehiel en it Waad, dat binne de twa saken wêrmei't besocht wurdt mear toeristen nei ús provinsje te heljen. Dat hawwe Deputearre Steaten besletten. Oant en mei 2018 is der ek ekstra ynset op Ljouwert as Europeeske haadstêd. Merk Fryslân is en bliuwt de organisaasje dy't dat belied útfiere moat. Dy moat ek besykje minsken dy't no hingjen bliuwe yn de Rânestêd, sa fier te krijen dat sy trochreizgje nei Fryslân.

In soad marketing sil fia it ynternet dien wurde, want njoggen fan de tsien minsken siket dêr ynformaasje foar in reis of deitrip. Der wurdt ynset op minsken út Nederlân en dêrbûten, wêrûnder fansels ek Sinezen. De nije webside foar de Ofslútdyk is al oersetten yn it Sineesk, sa seit deputearre Klaas Kielstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)