Fryslân dûnset

19 nov 2004 - 09:58

Op sawat 20 plakken yn Fryslân is der om kertier oer alven dûnse yn it ramt fan de aksje 'Heel Nederland danst'. Der waard yn it hiele lân troch 140.000 minsken tagelyk dûnse op it nûmer Reset your brain fan Soulvation.

De aksje komt fan it NISB, it ynstitút foar sport en beweging. It belang fan de sport moat sa ûnder de oandacht brocht wurde. Yn Fryslân hawwe foaral skoallen, basis- en foarset ûnderwiis, har opjûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)