Fryslân dreunt troch karbid

31 des 2012 - 12:47
  • Karbidsjitten yn Feanwâlden

Yn de hiele provinsje is it karbidsjitten te hearren. Healwei fjouweren binne de earste karbidsjitters yn Twizelerheide begongen. Op it fjild achter de basisskoalle steene sa'n tsien bussen. De mannen sjitte oant fjouwer oere troch.

Yn De Westereen begjinne se in stik letter. Om tsien oere rûgelje de earste sjitters it lân op fan de Lange Reed. Dêr is in tinte opsetten en pallets moatte foarkomme dat de lidden te fier fuort sjitte. De earste sjitter is krekt nei tsienen ek alwer fuort, syn molkbus is dan al stikken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)