'Fryslân beset troch Grinzers'

17 feb 2014 - 10:10
  • De lânmacht rukt op om Fryslân te befrijen fan de Grinzers
  • De lânmacht foar 'Dutch bison' ûnderweis by Beetstersweach

De kommende njoggen dagen kinne je gauris militêren tsjinkomme yn it suden fan Fryslân. De lânmacht hâldt nammentlik in grutte militêre oefening yn Fryslân, ûnder de namme 'Dutch Bison'. Yn it gebiet tusken Harns en Drachten moatte sa'n 1300 militêren in stabilisaasjeoperaasje oefenje. It doel is om Fryslân te befrijen fan Grinzers, dy't stikken fan Fryslân beset hawwe.

Boargers wurde ek frege om oan de oefening mei te dwaan. It Fryske regimint 44e pantserynfanterybataljon Johan Willem Friso komt by dizze oefening ek yn aksje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)