Fryslân Bank skrast 120 banen

21 feb 2003 - 00:00

Yn de takomst ferdwine der 120 banen by de Fryslân Bank. De ûntslaggen falle om't de Fryslân Bank dizze simmer in nij automatisearringssysteem yntrodusearret. Dêrmei kinne klanten mear banksaken fia ynternet regelje.

Benammen op de ôfdielings ICT, administraasje en stypjende tsjinsten ferdwine banen. De fakbûnen binne yn petear mei de Fryslân Bank om ta in goed sosjaal plan te kommen. By de bank wurkje in tûzen minsken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)