Fryslân 2e attraksje yn Nederlân

17 okt 2006 - 22:54

Fryslân is nei Amsterdam de twadde toeristyske attraksje fan Nederlân. Dat seit direkteur Paul van Gessel fan promoasjeburo Fryslân Marketing.

De ferskillen binne wol grut. Yn Amsterdam wurken der yn 2005 57 tûzen minsken yn de rekreaasje mei in omset fan 4,5 miljard euro. Yn Fryslân binne der hast 22 tûzen wurknimmers en 800 miljoen euro omset. Van Gessel tinkt dat Fryslân yn 10 jier tiid dy omset en de wurkgelegenheid ferdûbelje kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)