Fryslân is supertsjuster

19 des 2011 - 18:59

Fryslân is ien fan de tsjusterste plakken fan Europa. It is te fergelykjen mei it plattelân fan Skotlân en Mid-Frankryk. Dat seit ûndersiker Wim Schmidt dy't in saneamde himelhelderheidskaart makke hat.

Neist de Waadsee en de Waadeilannen is it yn Littenseradiel en yn de Súdwesthoeke tige tsjuster. Neffens Schmidt is op 80 persint fan it Fryske grûngebiet by helder waar de Melkweg te sjen. Dochs binne der ek noch in soad klachten oer ljochthinder.

De Fryske Miljeufederaasje krige twahûndert klachten oer ljochthinder binnen. Friezen hawwe benammen lêst fan strjitferljochting en ljochtreklame. It meast wurdt klage oer de Abe Lenstrabûlevaar op It Hearrenfean. Minsken freegje harren ôf oft it ljocht dêr nachts net út kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)