Fryslân rûkt nei jarre

27 mrt 2012 - 17:25
  • Jarremasine op it lân

Rûnom yn de provinsje is it te sjen en te rûken. Boeren binne manmachtich oan it jarjen. De greidboeren binne hast klear en de bouboeren kinne no ek oan de slach.

It útriden fan dong is al lang net mear wat it west hat. De regels binne de lêste tsientallen jierren aardich oanskerpe. Sa mei al in skofke net mear echt sproeid wurde, mar moat it direkt yn de grûn ynbrocht wurde. Dat is in put dêr't swiere masines foar nedich binne. In protte boeren skeakelje dan ek in leanbedriuw yn om it wurk te dwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)